Âldfryske nammen

Op dizze side binne ferskate persoansnammen te finen dy't neamd wurde yn iermidsiuwske boarnen oer Frisia. Efter de namme stiet oanfoljende ynformaasje oer de persoan dy't eartiids de oanbelangjende namme droech. Foar dizze list binne ferwiisings nei boarnen tusken de achtste en tsiende iuw brûkt. Mei 'Frysk' wurd in dizze list iermidsiuwsk Frysk bedoelt.
A
Aldgisl (m.); namme fan Fryske kening.
Atto (m.); ûnderstelde foarnamme fan Fryske edelman Wursing. Nei toponym Attingahem (Breukelen, Utert).
B
Bernlef (m.); namme fan Fryske skald.
Bubo (m.); namme fan Fryske legerlieder út Westergo. Stried tsjin Karel Martel yn de Slach om de Borne yn 734.
E
Edo (m.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
Eppo (m.); namme fan Fryske edelman.
Erinburg (f.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
F
Folke (m.); Lat. Folckerus. Namme fan Fryske edelman mei besittings yn û.o. Ermelo.
Folkric (m.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
Frithesuin (f.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
G
Gardulf (m.); namme fan Fryske edelman.
Gerulf (m.); namme fan Fryske edelman. Waard graaf nei ferdriuwing fan'e Denen út West-Frisia yn 885. Ek yn plaknamme Gherolfsdijc (Geersdijk, Seelân).
H
Hoffo (m.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
Huno (m.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
I
Ingeld (m.); namme fan legendariske striider út in saga.
L
Liafburg (f.); namme fan (Frankiske) edelfrou en mem fan Liudger.
Liudger (m.); namme fan Fryske misjonaris.
O
Ochtred (m.); nei toponym Ochtersum in Ost-Friesland.
Osbreht (m.); nei toponym Osprehtashem in West-Frisia.
Osfriht (m.); nei toponym Osfrihthem in West-Frisia.
P
Poppo (m.); see Bubo.
R
Redbad (m.); namme fan ús ferneamde Fryske kening. Fariant Redbald neamd as namme fan iermidsiuwske Fryske hearige út Wieringen.
Ricbald (m.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
S
Saxger (m.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
Sibrand (m.); namme fan pryster fan Tessel.
Suithard (m.); nei toponym Suithardeshaga dat ein njoggende iuw earne yn'e Rynlângou in West-Frisia lei.
T
Tatto (m.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
Tetta (f.); namme fan Fryske hearige út Wieringen.
Theudesinda (f.); namme fan dochter fan Fryske kening Redbad.
Thiadbraht (m.); namme fan Fryske geastlike út achtste iuw. Broer fan Liafburg (sjoch Liafburg).
Thiadgrim (m.); soan fan'e Fryske edelman Wursing en heit fan Liudger (sjoch Liudger).
U
Ubbe (m.); namme fan ien fan'e legerlieders fan it Grutte Heidenske Leger. Dizze legeroanfierder wie nei alle gedachten Frysk.
W
Willibraht (m.); namme fan Fryske geastlike út achtste iuw. Broer fan Liafburg (sjoch Liafburg).
Witmund (m.); nei toponym Uuitmundhem in West-Frisia.