Oer ús
Eala! Wy binne de reenactmentgroep Monetarii Dorestatii. Ús groep rjochtet him op iermidsiuwsk Frisia om it jier 825 n.chr. hinne. Wy bylden de iermidsiuwske Friezen út, en ûnderskiede dêrby de gebieden West-Frisia, Midden-Frisia en East-Frisia. De iermidsiuwske Friezen wiene in feardich folk! Wy bylden dêrom ferskillende ambachten út. Dit binne; muntslach, bonkebewurking, learbewurking, kaartweven en pottebakken. Op fersyk jouwe wy lêzingen of workshops.
Fragen of ynteresse?
Nim kontakt mei ús op of besykje ús Facebook