Ús leden

Hallo! Ik hjit Sander. Binnen ús Monetarii haw ik it ambacht fan muntslach op my nommen. Myn ynteresse yn iermidsiuwsk Frisia begûn doe't ik in pear jier lyn de boeken De Friezen lies fan L. van der Tuuk en Wij Vikingen fan M. Stoter en D. Spiekhout. De boeken makken my bewust fan in folslein nij, geweldich tiidrek út de skiednis fan ús lân dêr't wy neat oer te hearren krije op skoalle. Dit fyn ik in gemis, omdat dit ús oarsprong oangiet. Sadwaande bin ik beret om myn entûsjasme foar dit opwinende stik skiednis mei oaren te dielen!

Ik bin Tineke. Ek myn fassinaasje mei Frisia en de iere midsiuwen is begûn mei twa boeken fan Luit van der Tuuk: ‘Friezen’ en ‘Franken’, dêr’t er in dielde Noardsee kultuer yn beskriuwt dêr't Frisia ta hearde. Yn Frisia komme de Frankyske, kristlike wrâld en de âlde, foar-kristlike wrâld fan noardwest Europa inoar tsjin. Beide partijen hawwe ynherint oare wrâldbylden en dêrmei ek minskbylden. Hja fjochtsje mei-inoar, mar hannelje ek en úteinlik ferrane hja, wêrmei beide wrâlden foargoed mei feroare binne. De Friezen spylje hjir in wichtige rol yn, se binne de hannelers by útstek fan guod, mar ferspriede dêrmei ek ideeën. Oftewol: it Nederlân sa't wy dat no kenne, is foar in wichtich part dêre en doe ûntstien. De brekline dêr't Frisia op lei tusken twa wrâlden en twa tiidrekken fyn ik einleas fassinearjend. Binnen de monetarii doch ik fan alles en noch wat: wol fervje mei planten, weve, tekstylbewurking, meitsje ik hânfoarme ierdewurk en bin ik dwaande mei de ‘iermidsiuwske keuken’. En eins komt der hieltyd wer wat by dat my yntrigearret en wat ik dan graach útprobearje sil.

Eala! Ik bin Alexander, ek wol bekend as Stilleward. Underwilens doch ik santjin of achttjin jier oan libbene skiednis. Dêrby lis ik my al in skoft ta op it Frisia fan de njoggende iuw.
De lêste jierren komt der hieltyd mear omtinken foar Frisia yn de iere midsiuwen, bygelyks yn de boeken fan Luit van der Tuuk of Kees Nieuwenhuijsen, mar ek troch fynsten fan archeologen en metaaldetektoristen.
Yn'e Monetarii kin ik myn ynteresse foar dit spesifike stik Frysk-Nederlânske skiednis kwyt. Dêrby rjochtsje ik my op it ambacht learbewurkje (mar ek mei hout of bonke kin ik goed fuort.) Ik fyn it belangryk om aktyf dwaande te wêzen mei dy skiednis en wol minsken graach yn'e kunde komme litte mei alle fasetten fan it libben út dy tiid!
Waes hael,
Alexander / Stilleward

Ik bin Marijke. Binnen de Monetarii bin ik foaral dwaande mei nullebinen, al kinst my ek kaartweven sjen, spultsjes dwaan, of itensiede. Ik bin foaral ynteressearre yn de rolferskillen yn in mienskip yn dizze perioade, wêrby't ik my rjochtet op de rjochten fan de frou. Ik bin sels yn Fryslân opgroeid (net berne) en haw al langer in ynteresse yn de perioade fan de achtste oant de njoggende iuw. Der feroaret in soad en gau yn dy tiid wat ynfloed hat op leefregels binnen mienskippen. Ik fyn it fijn om dêr oer fertelle te kinnen, mar ek om it "libben fan alle dagen" sjen te litten, mei spultsjes dy't we spilen, lekker ite en in gleske meed op syn tiid. Benammen as dat kin mei in groep tûke en freonlike minsken om my hinne, genietsje ik folop. Dat jout wer hoe't men eartiids ek mei-inoar yn in groep libbe en inoar nedich hie; men soarge mei-inoar foar inoar.

Hoi! Ik hjit Marc, ik draach by oan it kampemint en de kennis fan de Monetarii tiidens eveneminten. Underwilens lear ik de praktyk fan de hobby, wat op't heden it meitsjen is fan autentike kleanstikken dêr't ik sa min mooglik stof foar ferspil by it útknippen. Klean wiene nammentlik kostber yn tiid, middels en muoite om te meitsjen destiids! Tusken eveneminten troch help ik mei it finen en rieplachtsjen fan iermidsiuwske boarnen en fakliteratuer. Miskien eagje ik wat prakkesearjend, mar ik beäntwurdzje graach fragen, en as it frege wurdt bepraat ik in skala oan ûnderwerpen yn ien minút oant oardeheal oere (hoelang ast mar wolst), neam mar op! De kompleksiteit en dynamyk yn iermidsiuwsk Frisia (en fan it oanbelangjende ûndersyk en erfgoed) fyn ik einleas boeiend. Libjende skiednis by de Monetarii is dêr't ik trochgroei as hast-ôfstudearre master yn middeliuwenstúdzjes mei fikingaktiviteit as spesjaliteit - wat dat oanbelanget, bin ik nea *út*studearre. Tagelyk kin ik dêr myn aai kwyt as leafhawwer fan nifeljen en it bûtenlibben. It is wier gelearde teory en hânfeardige praktyk moetsje om erfgoed te meitsjen yn'e mande mei it publyk.