Plaknamme

Toponymy! Op dizze side binne ferskate kategoryen fan plaknammen te finen. De ûndersochte plaknammen en útgongen hawwe betrekking op plakken dy't yn it hjoed of ferline yn (de eardere gebieten fan) Frisia leine. Efter in desbetreffend ûnderdiel wurdt it toponym útlein en dêrby in pear foarbylden en oanfoljende ynformaasje jûn.
Plaknammen oangeande ûntginnings
De erfenis fan'e feanûntginnings is noch goed sichtber yn plaknammen. Plaknammen besteane faak út gearstalde wurden. Eardere ûntginningsdoarpen binne faak noch te werkennen oan beskate útgongen dy't eartiids op in lizzing yn fean of oar ûnûntgûn gebiet sloegen. Foarbylden dêrfan wêze;
- -veen; dizze útgong en farianten hjirop ferwize nei in gebied dat nei alle gedachten bedutsen wie mei feanmosfean. Noch te werkennen yn Amstelveen, It Hearrenfean, Hoogeveen, Venhuizen, Zutphen (Súdfean). Besibbe oan Ingelske 'fen' en Dútske 'fehn'.
- -moer; dizze útgong is noch te werkennen yn de ûntginningsdoarpen Texalmore, Langenmore, Brettenmore, Ostmore en Geddingmore út de njoggende iuw. De útgong en farianten ferwize ek nei in lokaasje yn it fean en mooglik nei ûntginningswarberheden - tink oan moernering. Noch te werkennen yn Moerdijk, Moordrecht, Moordorf (D.), Moormerland (D.), Dartmoor (UK), Exmoor (UK). Besibbe oan Ingelske 'moor' en Dútske 'Moor'.
- -broek; dizze útgong wiist op in broekbosk. noch te werkennen is Bennebroek, Hensbroek, Velserbroek, Lutjebroek, Breukelen. Besibbe oan it Ingelske 'brook' en Dútske 'Brook'.
- -woud, -wâld, -wold; dizze útgong en farianten binne in mear algemiene ferwizing nei in útstrekt, ûnûntgûn bosk, of in sompich broekbosk. Noch te werkennen yn Hazerswoude, Hoogwoud, Damwâld, Feanwâlden, Oosterwolde, Cotswolds (UK). Besibbe oan it Ingelske 'wold' en Dútske 'Wald'.
- -meers, -mars; dizze útgong ferwiist nei sompich (gers)lân of moeras dat allinne brûkt wurde koe as miede of greide. Komt ek faak as lossteand wurd foar. Noch te werkennen yn Maarssen, Meerssen, Meers, Assebroekse Meersen. Besibbe oan it Ingelske 'marsh' en Dútske 'Marsch'. In it Frysk soe dit 'mersk' wêze.
- -peet; dizze útgong wiist op in pleatslike beneaming fan ûntginnings yn in feangebied. Tink oan it Ingelske peat (turf). Noch te werkennen yn Nunspeet, E+ Elspeet.
- -koop, -cop; dizze útgong wiist op in gebied dat men ûnder de Grote Ontginningen – ek wol cope-ontginning neamd – mocht ûntginne nei it sluten fan in kontrakt (in cope). De Grote Ontginningen is in beneaming fan in grutskalige, planmjittige ûntginningswedrin tusken de greef fan Hollân en de biskop fan Utert yn'e tolfde en trettjinde iuw. Dizze útgong is sadwaande benammen te finen yn it grinsgebiet fan Hollân en Utert. Noch werom te kennen yn; Boskoop, Nieuwkoop, Middelkoop, Galecop, Benschop, Papekop.
- -rode, -rooi; dizze útgong en farianten wiist op in ûntgûn stik bosk. Sokke ûntginnings fûnen pas letter yn de midsiuwen plak, fanôf de tolfde en trettjinde iuw. Noch te werkennen yn; Brederode, Berkel en Rodenrijs, Roden, Kerkrade, Wanroij, Venray.
- -delf, -delft; dizze útgong komt fan it tiidwurd 'delven', 'graven'. Net alle plaknammen mei -delf binne werom te lieden nei ûntginnings; sa waard mei delf yn'e stêd Delft in grêft bedoeld. Dochs kin -delf by guon plakken mooglik ferwize nei greppels ta ûntwettering fan it fean, lykas by Assendelft.